Toanielselskip St. Nyk spilet komyske skriller
SINT NICOLAASGA St.Toanielselskip St.Nyk spilet dit winterskoft in skriller mei de nedige humor “Heijermans en Shakespeare”.
De toanielspilers binne al tiden drok oan it repetearjen. De regy is dit jier wer yn hannen fan Thea van den Tweel út Jobbegea. “Heijermans en Shakespeare” is skreaun troch Jo Snoeren en yn it Frysk oersetten troch Gerda van der Wijk.
It stik spilet yn in âld hotel. Ferskate minsken dogge om allerhande reden it hotel oan. Alnei’t de tiid foardert docht bliken dat dizze persoanen op ien of oare wize mei elkoar te meitsjen ha. In spannend ferhaal mei in soad emoasjes, mar ek mei in protte humor sil soargje foar in slagge jûn yn it Zalencentrum fan St.Nyk.
De foarstellings binne op sneon 28 jannewaris, sneon 4 febrewaris, freed 10 febrewaris en sneon 11 febrewaris. De foarstellings gegjinne om 20.30 ûre. Nei ôfrin kinne jimme genietsje fan in moai stik musik.
De kaarten binne yn ‘e foarferkeap by Van der Leest Textiel en Mode yn St.Nyk en tillefoanysk by Margriet Hogeling-van Aalsum, 0513-432297.