Damjen: gjin ‘makky’ tsjin Makkum
DE JOUWER – No wie der doe noch gjin sterk iis en dan is ‘mei de hakken oer de feart’ in feilich gefoel en dat hat de Jouster damklub ek nei de meagere winst tsjin Makkum.
De kâns op degradaasje siet der al net mear yn mar in middenmoat plakje is dochs better; en in kampioenskip sit der dit jier net mear yn. Hoe diene wy it yn de striid yn’t Syl? In goed begjin is it heale wurk en Ultsje Venema die de helte fan it wurk: in flotte puntedieling mei G.Zijlstra. It bettere wurk kaam fan Herman de Jong: de Makkumer waard kreas ynpakt en koe sa de winter yn. In 3-1 stân dy’t feroare yn 4-2 mei de puntedieling fan Atte Boek. Dat soe yn koarte tiid yn 6-4 feroarje want Wiebren Couperus hie in misse dei en in hopeleaze missie mei twa skiven efterstân. Dy ferliespartij die de eardere winst fan Quido van Hazendonk ferdampen: Quido pakte foar de twadde kear yn 8 dagen B.Tilstra yn.
Jan Kooistra tilde de stân nei 7-5 mei in gelykspul tsjin A. van Schaik. Henk Haagsma krige al ier op de jûn in damslach om de earen mar koe oan de ein fan de jûn de ear al rêde mei in hiel kreaze puntedieling tsjin G.Mensonides. De 8-6 waard 9-7 troch Sietze de Jong dy’t in gelykweardige ‘remise’ bewurkstellige tsjin A.Wiersma. De heale winst waard feroare yn in hiele winst troch Germ Brouwer: Germ moast in kertier op de klok goed meitsje omdat syn tsjinstanner sa sportyf wie om de klok al yn wurking te setten noch foardat Germ de kij molken hie. Germ waard sterker en sterker mar krekt net sterk genôch om H. van As fan it boerd te spyljen. De einstân fan 10-8 joech de klub dochs in tefreden gefoel fanwege twa winst- en mar ien ferliespartij en in feilich tredde plak yn de kompetysje fan sân ploegen.