Dammen-denksport-sport

Damclub De Jouwer yn finale bekerkompetysje

JOURE – Mei in hiel romme 7-1 oerwinning op Tersoal sit damclub De Jouwer yn de finale fan bekerkompetysje 2011-2012. Yn dy finale is Warns of Easthim de tjsinstanner.

De klokken hiene noch gjin kertier rûn doe hie Quido van Hazendonk al in dam op it boerd. Hoewol de dam wol opromme waard, koste dat syn maat wol in skiif. Quido liet it foardiel net mear los en boude fierder oan syn bolwurk op it damboerd. It ein fan it liet wie dat de Tersoal-man W. Pander mei lege hannen kaam te stean.

Undertusken hie ek Wiebren Couperus in dam op it boerd: nei in ôfruil dy’t op gong setten wie troch syn tsjinstanner, siet der in twa om trije yn en dat levere him in dam op. Hoewol de dam ten koste fan noch in skiif opromme wurde koe, barde dat net: Cor van Bavel wraksele troch en romme letter da dam op. De ynflaasje hie lykwols taslein: it koste doe trije skiven. Dy striid wie gjin striid mear mar in kat-en-mûs-spultsje. Doe stie der 4-0 op it boerd.
Henk Haagsma kaam, mei in kertier minder tiid tengoede, mei in útstel fan ‘kamp’’ by syn maat A. Hoekstra en dy naam dat oan: de 5-1 wie al goed foar Jouster winst.

Sietze de Jong siet rommer yn de tiid en kaam yn it einspul op skiif foardiel en sette de skiven fan Jacob Buma folslein fêst.

Der waard ek noch spile yn de ûnderlinge kompetysje: de measte oandacht fregen Bonne Post en Jan Kooistra. It gie der om wa sil by de heechste seis komme. Spanning op it damboerd: oan de ein ta mar Bonne like oan it langste ein te lûken. Jan die noch syn bêst om de damline te heljen mar krige fan Bonne gjin kâns: 2-0 foar Bonne.

Noch ien partij yn de earste omloop en Bonne kin sels Henk Haagsma noch fan it sechsde plak ferdriuwe! Omdat Bonne de twadde omloop sjitte lit, sil Henk dat plakje dan yn nimme foar de twadde omloop.

Yn dy twadde omloop spilen ek Germ Brouwer en Ultsje Venema tsjin elkoar. Dat waard net sa’n spektakel as harren earste partij mar wie wol tige spannend mei in puntedieling as risseltaat.
Atte Boek pakte tsjin Wieger Romkema goed út en beide punten en bliuwt, yn de striid om it boppeste plak yn de B-groep, kânshawwer. Hy sil al in bytsje rekken hâlde moatte mei Herman de Jong want dy is yn de twadde omloop goed op dreef. Tsjin Jelke de Jong like it mâl foar Herman út te pakken mar Jelke liet in fear falle: in kâns rinne litte leveret foar de tsjinstanner faaks de kâns.

Herman kaam yn in oermachtseinspul terjochte en Jelke moast de flage strike…… en hat as earste de winterkompetysje der op sitten: dochs in earste plak.

Artikel geplaatst door Hans Veenstra op 19-02-12 15:40.

Gerelateerd nieuws

Actueel nieuws

Blijf overal op de hoogte Volg Jouster Courant via:
Advertentie
advertentie
Advertentie